HÛNEKOPFESTIVAL 2026

Goeie! It Hûnekopfestival komt werom nei Poppoadium Iduna op saterje 17 oktober mei in fantastyske middei foar de lollyfretters en jûns in machtich feest foar de jeugd en de âlde lju.

De mannen fan De Hûnekop biede ek dit jier wer fertier foar jong en âld. De bern genietsje middeis fan in spesjale lollyfrettersshow fan De Hûnekop, mei nei ôfrin fan it optreden in moai kodakmomint. Jûns gean wy folslein út ús skuif mei optredens fan Asbest, Bombarje en fansels De Hûnekop!

 

Faak stelde fragen Hûnekopfestival:

Mei myn bern allinnich nei Hûnekop Lollyfretters?

De minimale leeftyd om in konsert by Iduna te besykjen is 14 jier. Bern dy’t jonger binne as 14 jier meie ûnder begelieding fan in folwoeksene nei binnen. Tink derom: do moatst in kaartsje keapje foar dysels én foar dyn bern!

Ik wol middeis én jûns komme. Ha ik foar beide in apart kaartsje nedich?

Ja. It binne twa losse eveneminten mei in aparte kaartferkeap. Komst sawol oerdeis as jûns? Hartstikke moai! Tink der dan om datst twa ferskillende kaartsjes nedich hast.

Is de bar tidens de lollyfrettersshow ek iepen (mei oare wurden: kin der bier dronken wurde?)

Jawis! (Gjin alkohol ûnder de 18, bliksem!)

Giet Iduna tusken it middei- en jûnsprogramma ticht?

Ja, dan binne wy efkes ticht sadat wy ombouwe kinne en de crew en artysten ek in hapke ite kinne.

INFO:

Saterje 17 oktober 2026

LOLLYFRETTERS
Doarren iepen: 14:00 uur
Oanfang: 15:00 uur
Eintiid: 17:00 uur
€ 7,50 vvk

JÛNS
 Doaren iepen: 20:00 uur
Oanfang: 20:30 uur
Eintiid: 01:00 uur
€ 19,95 vvk

©Auteursrecht. Alle rechten voorbehouden.

We hebben je toestemming nodig om de vertalingen te laden

Om de inhoud van de website te vertalen gebruiken we een externe dienstverlener, die mogelijk gegevens over je activiteiten verzamelt. Lees het privacybeleid van de dienst en accepteer dit, om de vertalingen te bekijken.