Stjer is de earste echte Frysktalige blockbuster. It is in aksjekomedy fan dik twa oeren, dy't yn 2021 yn premjêre gong. Mei haadrollen foar Bertrie Wierenga, Harm Bakker en Emiel Stoffers. Fierder is der in grut ferskaat oan Fryske artysten en oare illustere figuren út de provinsje yn de film te sjen. Fan Iris Kroes oant Boer Frans en Fan Lytse Teake vd Meer (†) oant Johannes Rypma. De makkers fan de film, Janko Krist (Hea!, Man bijt hond, Bourkje foar begjinners) Jeroen Seinstra en Emiel Stoffers (De Hûnekop), ha sich gruttendiels ynspirêre litten troch films as; Flodder, Naked gun en Bassie & Adriaan.
©Auteursrecht. Alle rechten voorbehouden.
We hebben je toestemming nodig om de vertalingen te laden
Om de inhoud van de website te vertalen gebruiken we een externe dienstverlener, die mogelijk gegevens over je activiteiten verzamelt. Lees het privacybeleid van de dienst en accepteer dit, om de vertalingen te bekijken.